mei 12, 2023
fan ûnbekend*
In libbensier is ek de Ryn,
dy’t streamt by Keulen lâns,
draacht tal fan skippen mei
op wei nei libbensûnderhâld
en biedt sa mannichfâldich kâns.
It Keulske wetter streamt net fluch,
dript minsken op ’e hûd
en rûkt de hiele dei
as middel foar in hechte bân,
sa bliuwe de relaasjes goed.
Johann Maria Farina
fertsjinne mei syn drip
eau de cologne goed,
mear as syn libbensûnderhâld,
rivier de Ryn droech skip nei skip.
* Foto ‘Sicht op Keulen’
mei 11, 2023
fan David Rijckaert*
In plasse, keal as loaide hûden,
dêr’t er skuon fan meitsje moat
om troch de tiid te kommen
op fuotten dy’t net rap mear gean,
hy rekket somtiids yn de slomme.
Syn frou, dy’t rap is mei de hannen,
klost de hiele dei troch kant
om kleanspul te fersieren,
sy kin op eigen fuotten stean
en him wer nei syn skuonspul fiere.
Hoewol’t de learling noch wol leare
moat, nimt hy út hannen wat
syn master net bestekke
kin, mar fertsjinnet hy it lean
fan finten mei te grutte bekken?
Sy hawwe wille ûnder ’t sûpen,
stean net stevich yn de skuon
en kinne net mear komme
op fuotten om nei hûs te gean,
har kin it skuonspul ek neat bomme.
* David Rijckaert (1612-1661)
Skilderij ‘Wurkpleats fan de skuonmakker’