Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Neat te gek

Keunst

fan Nicolaes Berchem*

De lytse Zeus is rêden
út heit Chronus’ grutte bek,
dy’t al syn bern opfrette woe,
sa’t goaden altyd roppich binne
nei wat it minskdom biede kin…
foar in god is neat te gek.

Mem Rhea hat him rêden,
op berch Ida kriich er plak
by Adrastea, dochter fan
de kening, fiedend om him hinne
mei molke fan de golle geit,
sa kaam Zeus oan syn gerak.

In faun koe him goed rêde
mei it melken fan de geit,
foar Zeus it foarbyld fan de man
en goaden dy’t fan alles kinne,
sa waard hysels de heechste god,
fan mannichien ek heit.

* Nicolaes Berchem (1620-1683)
Skilderij ‘De opfieding fan Zeus’


admin

Ammons ûndergong

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Wêrom hat Ammon nommen
Israels gebiet oer de Jordaan
as hie dit folk gjin soannen
dy’t wurde koene erfgenamt…
hoe koe it safier komme?

Dêrom sil Ammon hearre
kriichsgerop om stêden te ferslaan
dy’t dêrnei platbrând wurde,
dan is dit folk wer erfgenamt,
’t gebiet wurdt opwurdearre.

Mar Ammon sil lûd gûle,
sekkeguod om ’t skurve lichem slaan
en oer de deaden kleie,
it rekket fier yn ballingskip,
dat folk lang op ’e doele.

Sa wurdt dat folk fuortjage,
hielendal út har gewoane dwaan
mei op it liif de deaskrik,
elk swalket troch in frjemd gebiet
en hat syn lêst te dragen.

* Foto ‘Jordaan’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum