oktober 16, 2016
Wa’t witte wol, giet djip en sûget dan nei boppen rûchwei de matearje, basis foar de wittenskip.
Sa slacht de kennis del, de grûn om op te bouwen, hegerop te earjen wat de wrâld oer is yn tel.
Wat fuortstreamt, is de geast om fierderop te driuwen stilwei nei ’t mystearje, sûnder tellen noch it meast.
Se libben as de wite wolken, driuwend oer it swurk, de driuw dy’t se fertolken, wie omheech lykas de ljurk syn jubel breedút wjukket.
Se seagen moannen út ‘e hichte op ‘e swierte del fan lege ierdske plichten – by bloeiers net yn tel – foar wrotters nei de djipte.
Se steane dagen lang te stjerren sûnder noch beweech sa’t fûgels misse fearren, wolken hingje driigjend leech, mar ’t wite sylt wol fierder.