mei 29, 2023
De nacht kin noch sa tsjuster wêze
en de pannen swart as roet
of twa ljochten litte witte:
úteinlik komt it goed.
It sjitten kin de folken reitsje
sá dat streamt in beek fan bloed
nei de see dy’t heech opspilet:
it komt wiswier net goed.
Twa ljochten ha noch dit te sizzen:
as de see it net mear sjocht,
soene wy it dan wol witte
as kombinearre ljocht?
Natuerlik en keunstmjittich roppe
op de dei foardat de stream
oankomt by de see, it ljocht lit
sjen: sterker is de beam.
mei 27, 2023
fan ûnbekend*
De Hear ropt Babelsk kening op:
‘Ferdylgje stammen yn it easten,
nim har tinten en it húsrie ôf
en ek it lytsfee, de kamielen.’
‘Rûnom is gefaar!’ sa klinkt de rop.
De Heare ropt jimsels ek oan:
‘Nebûkadnessar hat al makke
’t plan om mei it leger op te tsjen,
dus meitsje dat jim rap fuortkomme.’
‘Rûnom is gefaar!’ klinkt skril fan toan.
De Hear ropt Babelsk kening op:
‘Fal oan de soargeleaze stammen
dy’t har feilich fiele, sûnder mis,
sy skoattelje net ôf har poarten,
stekke heger noch it grutske krop.’
De Heare ropt de stammen oan:
‘Al jim kamielen wurde rôfguod,
jimme keppels geane mei as bút,
de jakhals sil jim plak ynnimme,
’t hiele gea is nei de rop útstoarn.’
* Foto ‘Tinte en kamiel’