november 20, 2023

It wie middenyn de wike,
op ’e oergong fan de nacht nei moarn
dat in aaklik byld my rekke
ûnder ’t rinnen nei de lange dei:
de takomst dy’t roettsjuster like.
Nei rjochts wiisden alle trije
buorden, de partijen foar my swart
yn har fisy nei de takomst,
wylst it ljochte oan de linker kym,
fan ruot koe dy kant ús befrije.
Kant noch wâl koe ’t jierren roaie,
want de koers wie neo-liberaal:
foar it kapitaal de takomst,
foar de lytse man en frou gjin kym
dy’t ljochte, foar har de foaien.
Mar dochs sil it ienkear ljochtsje,
wize buorden nei de linkerkant,
komt dit byld my ea foar eagen:
ruot feroaret yn in lôgjend fjoer,
de takomst sil ’t ferline rjochtsje.
november 19, 2023

fan Ossip Zadkine*
De hannen heech,
de polzen brutsen,
de holle skean
foar noch ien tút,
de skonken bryk,
it hert derút.
Hat Rotterdam
de oandacht lutsen
fan Israel?
Dan wie ’t beslút
net nommen, no
is ’t hert derút.
It hert fan troch
de iuwen hinne,
it kloppe troch,
mar no is ’t út:
Jahweh ropt net,
’t hert is derút.
Wa’t herten brekt,
sil ’t pleit net winne,
sjoch hoe’t de mem
jout noch ien tút
oan ’t deade bern,
sy gûlt it út.
* Ossip Zadkine (1888-1967)
Byld ‘De ferwoaste stêd’