oktober 18, 2016
It hat al wer net heve mocht, de Swette as in baan by nacht dêr’t flokkend fallen wurdt en fierder om de streken socht dy’t jouwe oan de helden macht, it leafst mei ryp yn snor en burd. Noch efkes ljochte ’t filmscript op De tiid is ryp foar streken grien |
oktober 18, 2016
De wrâld lei op ‘e iere moarn foar dea, yn wite doeken noch bewuolle, doe’t myn stap it paad wer socht nei wêr’t memento swalke troch dat gea om plak te finen yn myn holle. Yn alle sellen krong it troch, ik seach, dat gea besloech de hiele wrâld en wist net wêr’t de stap my brocht, mar wat wol wis wie, ‘k libbe noch. Ynienen briek de loft troch dizich ljocht, omdat sels Mozes syn gesicht net seach, syn stal wie Ien yn ’t mannichfâld, dus fierste folle foar in minsklik each. Twa ingels, roazen yn dat Iene hôf |