Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Aprilblêden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is april, syn tiid hat west,
hy is al moannen út ‘e moade,
mar noch altyd hâldt er fol;
syn kleur fergiet as by de pest,
de hûd stiet fan de bûlen bol,
hy leit as klant foar dea en boade.

En dochs, hy is net inkeld rest
fan wat er west hat, waard de koade
foar in keunst yn kleur en foarm,
in pronkstik op syn alderbêst,
foar nostalgy losfêst de noarm
en op ‘e roukaart waard er moade.

It is april, de tiid hat west
dat beammen folop blommen droegen,
blêden troch de strjitte heind;
in twirre docht dan noch de rest
en ’t liket as it kleuren reint,
in groet fan dy’t net fierder hoege.

Image

admin

Petauto

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Omdat er al in grutte jonge wie,
kriich hy fan heit in autopet,
in auto en in pet derby;
hy hat him yn de fiifde set
en sjoch hoe fluch oft er al gie.

Heit sei syn rjochterfoet wie ’t gaspedaal,
dus trape hy him op ‘e sturt,
de auto fleach, de pet derby,
de foet waard wurch, dus gie ’t net hurd
genôch, dat hy gie oan de haal.

Image

Wat wie in auto sûnder motorkap,
it leafst in reade en net griis,
sa’n auto wie net cool mar pet;
dy sportwein woed er foar de lease,
de autopet wie mar in grap.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum