juni 4, 2023
fan ûnbekend*
Lewisyt, dat klinkt as wie it wyt
en like suver as wie ’t snie
dêr’t noch gjin inkeld spoar yn sit;
wit dat wat moai klinkt, net sjen lit
wat lewisyt yn ’t easten die.
Sina seach Japan de grins oergean
mei man en macht, mar net yn ’t wyt,
it waard in swarte dei foar ’t lân,
der wie gjin sinne mear te sjen,
it rikke fan it lewisyt.
Striidgas wie it dat de grins oergie
fan wat der noch op trochgean koe
yn oarlochssituaasjes, dus
fersloech de boal it earme bern
mei gas, mar net allinnich doe.
Watfoar namme gas úteinlik krijt
en hoe’t it klinkt, it is net wyt,
it libben wurdt dêrtroch ûntwijd.
* Foto ‘Japan falt Sina binnen’
juni 3, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
It wurd dat Jeremia krige
fan de Hear oer Babel en syn folk,
dat hillich yn de goaden leaut,
yn gruzels reitsje harren bylden
troch in leger út it noarden wei
mei swurden dy’t der net om lige.
It lân wurdt in ferlitten oarde,
gaadlik foar de jakhals en de kat
dy’t swalket troch it tichte bosk,
it wurdt in gea fan inkeld wylden,
want Gods folk giet hastich dêrút wei
as ’t leger optsjocht út it noarden.
God boarnt de hege hearen dronken
oant se falle, ivich rekket elk
yn sliep, sa nimt de Heare wraak
op wat syn folk yn Babel oandien
is, Hy ropt it út it easten wei
om wer te gean op eigen skonken.
It folk fan Israel sil komme
út ’e ballingskip nei Sion ta,
omdat it net yn goaden leaut,
mar op ’e nij yn God de Heare,
yn dy tiid giet Juda ek op wei,
syn folk sil oan it swurd ûntkomme.
* Foto ‘Babel as ferlitten oarde’