Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sûnder kwea

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Doe’t se by it wetter kamen,
kolke ’t bloed al troch de lea
en rôlen se mei hjitte hollen
fetten oan, noch sûnder kwea
yn ’t sin, sa wie it, amen.

Heineken om foar te tankjen
en te tanken glêzen fol,
se seagen inkeld wite wiven,
eigen wiven wiene wol
sa hjit dêr op dat bankje.

Doe’t de nacht de hollen kuolle,
sleepte ’t manfolk tûken oan
om Heineken wat op te waarmjen;
by de wiven wie ’t bedoarn
om’t sy it fet wer follen.

Mei de blazen leech en koppen
dy’t it seagen skean en bryk,
berûnen se de slingerpaden
sûnder kwea, want har gelyk
wie amen, lei derboppe.

Image

admin

Simson

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy stie as Simson yn de wyldernis,
it brede stal stiek driigjend ôf
mei earms foar deaslach ree,
syn libben like ivich wis,
mar wol op ’t selde stee.

Se ha him amputearre, lyk ek skeard
as wie ’t de opset fan in frou,
de Filistynske wraak,
wylst hat er him nei binnen keard,
besinning op syn taak.

En sjoch, syn krún waard grien fan ’t nije hier
as hope op ‘e âlde bou,
de wraak fan Israel,
mar tûken rikke net sa fier,
hy leit him dêrby del.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum