juni 9, 2023
fan ûnbekend*
Men kin der achter lâns
en sjocht it sulver blinken
dat fan boppen komt
en nei de djipte raast…
wa bliuwt dan yn balâns?
It fielt as men dan krimpt,
gjin sprake mear fan tinken,
’t razen makket stil
en wei falt elke haast…
men is hjirfoar bestimd.
In diel fan de natoer
wurdt elk by it ferdrinken
fan de eigen wil,
it sulver docht in taast…
wa jout him dan net oer?
* Foto ‘North Falls in Sulver Falls
State Park, Oregon’
juni 8, 2023
fan Lucas Cranach*
Hat hy de pest oan dizze fûgels,
hong er dêrom harren op
as kleurich siersel oan de muorre?
Spiker op ’e kop!
Hy leaude fêst yn dizze fabel:
bringers fan de swarte dea,
de pest, fertsjinnen sels te stjerren…
dus fuort út ús gea!
Gjin sprake fan om noch te fretten
fan ús eigen reade bei,
jim komme oer de grinzen hinne,
nimme ûnheil mei.
Wy haatsje jimme tinkel-lûden,
dy’t net passe by ús styl,
jim fearren, surrogaat fan side,
binne te subtyl.
Wy ha de pest oan frjemde fûgels,
fretters út it fiere gea,
mar kinne wy oan jim fertsjinje…
spiker yn de lea!
* Lucas Cranach (sirka 1472-1553)
Skilderij ‘Twa deade pestfûgels’