Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Farre litte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik rûn yn ’t drokste fan it jier,
de wike fan de silerij,
yn tinzen oer de promenade;
it sylfeest wie foar my net nij,
ik tocht: wat jout dan noch fertier?

Ynienen seach ik har foarop
it hurde stiel fan de Jorwan,
sa brún as kleare sûkelade,
fêstbûn lykas wie se fan
de spikerhurde misdietop.

Image

Ik hie te dwaan mei hoe’t sy siet
sa tusken spinreach en de fyts
en sûnder kuier op ‘e kade.
‘k Frege har: ‘Do bist noch lyts,
wa is ’t dy’t foar dit misfeit stiet?’

‘Gjinien,’ sei se, ‘hoe soe ’t, ik sit
hjir wrachtich wier net foar de sier,
mar sjoch sekuer nei oarmans paden,
libbensrin falt my net swier,
om’t ik it skip wol farre lit.’

Image

admin

Optimistyske hichte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa kin de hichte breed besjen,
want heech is heech, sa ek mei leech,
de hichte fan de mêst en toer
dy sjogge start en weagen oer,
de keninginne en it bern.

Sy hearske oer de Griene Draak,
dy’t sy royaal bestjoere koe,
hoewol’t er spuide reek en fjoer
de breedte fan de finish oer,
in hege, keninklike saak.

Sy foeren yn de optimist,
de Ollie en de tante Beth,
mei fêste hân oan skoat en roer
op hichte fluch de finish oer,
as winners wittend fan dit is ’t!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum