juli 13, 2023
fan Henri Ottevaere*
It klimaat fan ûndergong
hat iuwen oer de ierde ware,
foar de minske tsjusternis,
foar dieren fûn er soks gewoan,
dy sprieken him dêr net op oan.
Resint yn sicht kaam it klimaat,
net inkeld mei in minskeplasse,
ek dy fan it bistefolk
begûn te sprekken skril fan toan
en spriek dêrmei it faaifolk oan.
It rûn nei tolven foar it folk
dat iuwenlang de wrâld fersmoarge,
hjitter makke troch syn dwaan
en litten oant it deagewoan
waard dat it gie op stjerren oan.
* Henri Ottevaere (1870-1944)
Houtskoaltekening ‘Stillibben’
juli 12, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Minskesoan, nim no in swurd
datsto as skearmes brûke silst
en helje dat oer burd en holle,
hoewol’tst keal wurdst
stiesto net foar skut.
Nim in tredde part fan ’t hier,
ferbrân dat middenyn de stêd
as teken dat in tredde part fan
honger omkomt
of de pest, wiswier.
Nim dan wer in tredde part
en hakje ’t fyn, net yn de stêd,
dêrbûten, want in tredde part komt
troch it swurd om,
’t is wiswier, dat bart.
Dan bliuwt oer it lêste part
datst útstruist op ’e wyn, Ik gean
dêr achteroan om mei it swurd te
deadzjen folk dat
goaden tsjinne hat.
Fan de hierren nimst in pear
en byn dy yn de seame fan
dyn mantel, dan nimst dêr in pear by
wei, ferbrân dy,
foar it folk in lear.
* Yllustraasje ‘Ezechiël’