juli 23, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hoe komt it as de fijân komt
en mei geweld it lân beset,
kin dan it folk him noch wol rêde?
It bliuwt yn eigen doarp of stêd
en suchtet ûnder fijâns wet.
Hoe komt it mei de keningin,
de heechste mem fan hiel it lân,
kin dy har bange bern noch rêde?
Sy flechtet oer de wide see,
ferbrekt dêrmei de hechte bân.
Hoe komt it mei de kening fan
har buorsteat súd fan Nederlân,
as heit kin hy it ek net rêde,
mar bliuwt wol by syn bange bern,
hoewol’t dêr hearsket moard en brân.
It komt grif hoe’t men dêrnei sjocht:
it risiko fan hjir of dêr,
it sicht op wat men hjir noch rêde
kin of op ôfstân stjoere kin…
en nei de oarloch bist in stjer.
* Foto ‘Keninginne Wilhelmina’
** Foto ‘Kening Leopold III’
juli 22, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
In beam is Israel
yn folle bloei fan ûnrjocht,
ek folop yn ’t blêd fan oermoed,
goddeleazens sjit op nei syn krún,
dy beam komt kreakjend del.
De keaper hat gjin goed
gefoel, gjin wearde hat syn
guod, ferkeapers jild krijt ek gjin
doel, want alles giet ferlern,
de ein rint út op bloed.
De ein fan Israel
komt troch syn dwaan en litten,
syn oermoedige praktiken,
’t rjocht komt del en wurdt ta pún,
God is net mear yn tel.
God makket dan in ein
oan alle goddeleazens,
rampen komme oer de minsken,
útkomst is net mear te sjen,
dêrmei is alles sein.
* Foto ‘Deade beam’