juli 31, 2023
Sy hat de put derút
nei trije swiere wiken
fan ferwachting dei en nacht
mei tuskentroch in oerke sliep…
in twilling sa docht bliken.
Hy hat syn plicht ek dien:
húsholden en foar iten
soarge, fierder hold er wacht
mei tuskentroch in oerke sliep…
it wie in drege rite.
It komt der no op oan:
de twilling moat opfieden
wurde, âlders jouwe acht
op hoe’t de bern troch ’t libben gean,
’t komt oan op begeliede.
De koppen byinoar,
want âlders wolle lûke
rjochte streken, wat dan slacht
op hoe’t de bern troch ’t libben gean,
op swimme en op dûke.
juli 30, 2023
fan ûnbekend*
As de wjerljocht nei de ierde flitst
en yn in toer of wente slacht,
dan lit natoer him jilde,
foar de minske oermacht.
Doe’t de loftmacht oer de Noardsee fleach,
de eachopslach op Londen kriich,
wist Dútslân: ’t soe grif slagje
mei de flugge Blitzkrieg.
Doe’t de stêd yn ljochte lôge stie,
wie ’t folk ferslein en wist gjin rie;
mei withoefolle deaden
kaam it oer as misdie.
As de wjerljocht nei de ierde flitst,
wit elkenien wêr’t dat op slacht,
mar slacht de Blitzkrieg ta, dan
komt oer ’t folk in oermacht.
* Foto ‘Bommewerpers fan de Blitzkrieg’