Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Yn lykwicht

Lyrysk Deiboek


It falt net ta de trijeling
te lieden nei de takomst ta,
selsstannich wurde is it stribjen,
letter sels foar neiteam gean,
belangryk is yn lykwicht libje.

It lykwicht hâlde op in ding
dat yn it wetter driuwt is dreech,
mar wol de muoite wurdich, sûnder
âlders dy’t dêr ek op stean,
kin ’t net, dochs no giet soks foar wûnder.

Der hearsket frede ûnderling,
want dêrfoar is ’t in trijeling,
dy’t sprekend op elkoarren lykje
fan de snaffel oant de tean,
sy sille it bestean ferrykje.

admin

Neville Chamberlain

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Hy hie in brede ynteresse,
’t gie fan planten, fûgels nei muzyk,
hie yn ’t minskdom wol fidúsje,
wie foar frede yn de wrâld…
mar hoe siet it mei syn yntuysje?

Mei seis jier koe hy net beseffe
dat syn mem him nea wer helpe soe:
wat wie wierheid, wat yllúzje?
Dat ferskil wie al hiel âld…
hie hy urven mem har yntuysje?

Hy naam de politike treppen,
fan gemeenteriedslid nei premier,
wie foar frede, hoewol rûzje
kaam al neier yn de wrâld…
koe hy driuwe op syn yntuysje?

Hy hie in brede ynteresse,
mar fersinde him yn ’t Dútske ryk,
hie yn Hitler wol fidúsje:
‘Peace yn our time’, mar sâlt
smarde Adolf op syn yntuysje.

* Foto ‘Neville Chamberlain’
** Foto ‘Chamberlain en Hitler’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum