Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bylden fan fleis

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

As minskesoan fernaam ik wyn,
in wynpûst dy’t my meinaam
nei de Easterpoarte fan Gods hûs,
ik seach dêr fiifentweintich man
en Jaäzanja, Pelatjahû
wiene dêr de heechsten fan.

‘Do minskesoan,’ sa hearde ik,
‘dit binne mannen rinnend
mei it ûnrjocht yn de holle om
en tinkend dat sy binne ’t fleis,
de stêd is dan de panne om te
brieden… profetearje deis!’

Dyselde deis wie ’k ûnderweis,
ik seach de liken yn de
stêd en profetearre oer dat fleis,
it ûnrjocht dat doe oandien wie,
it fleis fan alle hege hearen
wie ferrotte en fergie.

Wylst ik noch profetearre, stoar
ynienen Pelatjahû,
wat my oangriep, dat ik foel foaroer
en raasde ’t út: ‘Is it no oer?’

* Yllustraasje ‘Ezechiël’


admin

Op ‘e sechde dei

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

De skepping is hjir stûke
foar de sechde dei:
wêr lit de oaljefant him sjen,
sjocht men de apen klimmen
of de kop fan in sjiraf?
Gjin mins sil yn dit lânskip
út ’e mar opdûke.

Dochs is it stille wetter
grien, in teken fan
de hoop dat dit is net de ein:
it is al te fernimmen
dat de kop fan de sjiraf
ynienen boppe ’t grien komt,
letter is ’t noch better.

Mar hoe is ’t as de minske
as in frou of man
te sjen is op ’e sechde dei…
de ein fan alle winsken?

* Foto ‘Taisho-fiver yn Japan’ 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum