Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Toppunt fan leauwe

Lyrysk Deiboek


Hoe kin men op it toppunt komme
fan it leauwe yn it lok
fan alle minsken yn de stêd
dêr’t skieding lang de oerhân hie,
wat hie mear fan in flok.

Slaan steigers on safier te kommen
dat de glâns fan eigenheid
wurdt sichtber yn de hiele stêd,
yn harmony mei ’t kariljon
wint iepenheid it pleit.

De oprop klinkt om hjir te kommen,
want Martinus liet ek sjen
en hearre hoe’t it leauwe heart
te wêzen: iepenheid foar elk,
oars as in sletten clan.

Sa kin men op it toppunt komme:
nei de steigers iepen hûs
foar folk dat nei de oprop heart.

admin

Neutrale freonskip

Skiednisbylden


fan ûnbekend*

De oarloch sloech foar master op,
nei ’t westen ek yn ’t easten,
dat de hiele wrâld stie yn de brân,
fan Dútslân, Ruslân oant Japan…
wa sloech it earste?

’t Wie Dútslân dy’t dêrmei begûn,
nei ’t easten, doe nei ’t westen,
oare lannen stiene yn bestân…
wat diene Ruslân en Japan,
wat wie it bêste?

Dy lannen hiene oarloch hân,
mar waarden no bedrige,
dat sy struiden oer ’t ferline sân,
sa woene Ruslân en Japan
dêrboppe stige.

Wa’t fijân wie, waard no as freon
beskôge… ’t koe ferkeare,
beide wiene dêrmei út ’e brân.

Kaart ‘Twadde Wrâldoarloch’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum