Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Supermoanne

Lyrysk Deiboek


Lit de moanne super skine,
troch gjin ierdske wolk beheind
fan ’t egoïstysk stribjen nei
‘hjoed ferlizze wy de grins,
moarn nimme wy matearje mei’.

Bring de moanne net út lykwicht
sa’t de ierde ûnderfûn
troch ’t egoïstysk stribjen nei
‘hjoed ferlizze wy de grins,
moarn geane wy ús eigen wei’.

Lit de moanne alle lannen
witte dat it super is
om sels syn eigen wei te gean:
nij of twa kear heal of fol,
hy hat altyd syn ljocht oanbean.

admin

Blitzkrieg 2

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

As wjerljochtflitsen ûnferwachts
in oanfal op ’e ierde dogge,
dûkt wa’t libbet yninoar,
sjocht de flammen fan de brân…
it is no ienkear de natoer
dy’t dêr gjin acht op slacht.

As bommewerpers mei har fracht
fan Dútslân oer de Noardsee stekke,
dûkt it stedsfolk yninoar;
grut gefaar komt it út ’e hân
fan ’t nazifolk dat jout gjin moer
om ’t libben yn de nacht.

Mar Londen lit syn fearkrêft sjen
oan wa’t net nei it libben sjogge
fan de minske dy’t stânhâldt,
him ûntfermet oer in oar…
it is no ienkear syn natoer
te helpen wêr’t er kin.

* Foto ‘Dútske bommewerper’
** Foto ‘Londen brânt’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum