september 14, 2023
fan Frans van Mieris*
It gie net fierder sûnder snijen,
nettsjinsteande dat hy fierder seach
as ’t boek dat him yn de besnijing hie,
yn skrift in spegel fan ’t hielal,
dêr hie it mei te krijen.
Hy kriich al ier each foar de ierde,
dy’t syn draai fûn yn it universum,
foar wittenskippers al in iepen boek
mei eigen ierde as planeet,
mar fierder moast men riede.
As wittenskipper woe hy fierder,
fan de iene nei de oare stjer,
wol wittend mei in brein dat flymjend skerp
bleau, want oars kaam syn ear yn need,
hy wurke as in siedder…
… dy’t wurden struide oer de ierde
foar kollega’s yn de wittenskip,
mar fierder moast hy mei syn each en brein
skerp bliuwe, ek syn guozzefear
op tiid it mes oanbiede.
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘Alde man dy’t syn pinne snijt’
september 13, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Minskesoan, de kleare fisioenen
komme út, dy binne wier,
mar falske fisioenen
binne inkeld foar de sier.
Minskesoan, it folk brûkt faak it sprekwurd:
Dagen komme, geane ek,
lykas de fisioenen…
dus it nimt it net sa krekt.
Sis tsjin har: ‘De tiid is nei-oan kommen
dat it wiere fisioen
komt út, mar ’t fisioen dat
falsk is, wurdt net langer jûn.’
Minskesoan, hear hoe’t de minsken sizze
dat dyn fisioen noch lang
net útkomt, mar dat is net
wier, sy wurde no al bang.
Minskesoan, Ik ha lykwols te sizzen
dat myn wurd gjin útstel krijt,
want wat Ik sis, sil barre,
wat dyn fisioen foarseit.
* Yllustraasje ‘Fisioen’