Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skôgjende ingel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Gjin kop mear op ‘e strjitte
nei koppen fol mei krystgedoch
en skonken ûnder ’t gysten gat,
dy’t rinne merk en winkel plat…
’t is tsjuster no, mar sjoch…

Image

… twa himelstrielen sjitte
nei ’t ierdryk boppe-op in peal
en transformearje ta it stal
fan tsjokke ingel, boppe-al
de skôger, fan karakter eal.

It eaget oer de strjitten,
mar wurdt gjin kop of skonk gewaar,
wol al it skips- en brêgeljocht,
fanwege leechte om ‘e nocht…
wa wit, foar ’t berntsje yn gefaar…

Image

admin

Tjoeke tjoek

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Fier it libben, lit it farre
nei de fierte, dêr’t it is
watst sikest om te proastjen;
dan bist fan wyn en wetter wis,
it is in wûnderbaarlik barren.

Image

Klear foar ôffeart, ’t rint foar wûnder,
regelmjittich yn ’t gebrûk
en ûnderweis al toarstich,
sa fart it libben – tjoeke tjoek –
al yn de stimming, hiel bysûnder.

’t Is gjin wûnder mei it wetter
boppe ’t flak dat hy sa leit:
foar dea want sûnder hertslach;
gjinien dy’t syn bestean bekleit,
hy proaste doe en dêr en letter.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum