Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jeruzalem as branhout

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Al wer spriek God my oan as minskesoan,
diskear oer hout fan bosk en wyngerd,
oft wyngerd-hout wat foar hat
op ’e tûken fan de beam…
ûntkennend wie dy fraach fan toan.

Men makket fan it wyngerd-hout gjin knop
om ek mar wat oan op te hingjen,
dus lit it mar ferbrâne:
beide einen yn it fjoer,
de midden brânt dêrnei ek op.

De rynske wyngerd wie Jeruzalem,
it geve hout droech ripe druven,
dy’t no ferwylge binne,
dat gjinien ûntkomt oan ’t fjoer,
wat ik as minskesoan fernim.

* Foto ‘Branhout’

admin

Ielguozzen boppe de Nyl

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Se ha har deistich wurk wer dien,
it dûken nei de glêde iel,
mar watfoar fisk ek foar har swimt,
sels grutte glide troch de kiel.

Gjin swarte goes en ek gjin raaf,
as ielgoes giet er troch de tiid,
hy is himsels, swimt, dûkt en klimt
en spriedt op tiid syn wjukken wiid.

Yn Fryslân wurdst him ek gewaar,
mar fierderop dûkt hy ek op,
by Aswan klimt er op in rots,
rêst bringt him der wer boppe-op.

De iel swimt yn syn mage om,
mar wurdt úteinlik wol de bút
dy’t stadich op ’e rots fertart,
de bonke koarret hy dêr út.

* Foto ‘Ielguozzen op ’e rots yn de Nyl’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum