Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Simmer yn de hjerst

Lyrysk Deiboek


Noch gjin sprake fan de hjerst,
dy’t oars al beard hat mei in stoarm
en weagen reitsjend kant en wâl
mei kâns op in oerstreaming,
wat resultearret yn alarm.

No sprekt noch wat al west
hat op in simmersk moaie moarn
doe’t op ’e mar in ljochtbaan lei:
it wetter as de spegel
foar ’t haadljocht, dûbele ikoan.

Stel no op in manifest
tsjin simmerhjitte yn de hjerst,
sa rekket wetter kant noch wâl,
komt drûchte yn beneaming
foargoed, rampsillich as de pest.

* Foto ‘Opkomst fan de sinne’

admin

Davidstjer

Skiednisbylden

fan Corrado Cagli
fan ûnbekend*

As puber seach er mannich stjer
wannear’t er by syn keppel lei
om nachts de wacht te hâlden;
ien liet oan him in knypeach sjen:
oer dy hâld ik as stjer de wacht,
do bliuwst de iuwen troch behâlden.

As kening liet er hjir en dêr
sjen hoe’t men troch it libben gie:
mei rjochte rêch, ek fallend;
soms wie de stjer net mear te sjen
en lei er yn de neare nacht,
al hie hy ’t leafst de stjer ha wollen.

Syn neiteam kriich op ’t lêst de stjer
opnaaid as teken fan de wei
nei neare isolaasje;
sels âlde lju en lytse bern,
elk waard oansein de deade-wacht…
de stjer waard dôve troch dy naasje.

* Corrado Cagli (1910-1976)
Skulptuer ‘Davidstjer’

** Foto ‘Davidstjer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum