oktober 8, 2023
fan ûnbekend*
Hoe lang hat sy noch libbe
yn de mûning fan de Theems,
wyld meifierd troch de streaming,
koers hâldend nei de see…
sy hie nei heger stribbe.
Op wjukken nei de hichte
wie har earste wylde winsk,
in fiere flecht, in oare,
as frou ek in primeur…
sy fielde har ferplichte…
… ta earst emansipaasje:
fleane nei Australië
as frou alhiel allinne
en letter yn de striid
foar Ingelân, har naasje.
Op wjukken nei de hichte
foar de winst foar ’t heitelân,
seach Amy Johnson ûnder
har ’t weagjen fan de Theems…
sy crashte yn de lichte.
* Foto ‘Amy Johnson en har fleanmasine’
oktober 7, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Jeruzalem as hoer hat brûkt
de bûntbenaaide klean foar
’t klaaien fan in manljusbyld
dat makke wie fan goud en sulver,
wijreek hat dy ôfgod rûkt.
Jeruzalem as hoer hat jûn
fyn moal en huning oan it
manljusbyld en oalje dêr
noch by om hearlik op te snuven,
sy wie oan dy ôfgod bûn.
Jeruzalem as hoer joech oan
it manljusbyld ek noch har
bern om troch it fjoer te gean…
wa soe net fan sa’n offer grize?
Dêrmei waard sa’n god bedoarn.
Jeruzalem wie oeral hoer,
foar alle buorlju-folken
om by har heech op te sjen,
sadat sy streekrjocht by har komme,
jild rikt sy dan ek noch oer.
* Yllustraasje ‘Hoer Jeruzalem’