Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kasjtjejej de Unstjerlike

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Michajlovitsj Vasnetsov*

Image

Dêr sit se oanklaaid op ‘e troan,
mar achter stiel en skoattel,
Kasjtsejej, dochter fan de tsaar,
noch hat se op har gouden kroan,
mar ’t foarlân is de woartel.

Har selskip is sabeare tsaar,
de macht dy’t har tamtearret
mei ’t kromme rustich Russysk swurd,
sy faam, sa faai mei him as faar,
in takomst dy’t mislearret.

Wa keart de jonge tsaresoan,
gjin stielen doar of skoattel:
‘Kasjtsejej, frou fan ’t frije folk,
sjoch ’t daagjen fan de nije moarn,
‘k hear ’t koeren fan de toartel.’

Sa sil it Russysk folk as faam,
befrijd fan ieuwen lijen
yn ’t selblok fan de stielen faar,
de woartel ruilje foar de flam,
dy’t lôget nei lang swijen.

* Viktor Michajlovitsj Vasnetsov (1848-1926)
begûn syn karriêre mei realistyske skilderijen,
letter lei er him ta op it útbyldzjen
fan myten, mearkes en leginden.

admin

Sjoch it folk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Bernardo Bellotto*
fan Giovanni Antonio Canal**

As ’t wetter ’t byld behearsket,
glydt men mei in gondel troch
kanalen, leawurk, wylst de geast
besjongt de ieuwenâlde pracht,
mar sjoch…

Image

… it folk dat oars net easket
as it deistich brea dat troch
it leawurk djoer fertsjinne wurdt,
want gondels ha faak swier de fracht,
mar sjoch…

… hoe’t folk it byld behearsket,
adel folle net genôch,
in rige dracht fan kop oant sturt,
want gondels losse grutte macht,
omdoch.

Image

* Bernardo Bellotto (1721-1780),
dy’t yn Fenetië berne waard,
rôp troch de wurking fan it ljocht
in realistyske sfear op.
Skilderij ‘Tagong ta it Grutte Kanaal’

** Giovanni Antonio Canal (1697-1768),
de omke fan Bernardo Bellotto,
makke realistyske skilderijen fan Fenetië.
Skilderij ‘Untfangst fan de Frânske ambassadeur’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum