november 7, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Pablo Picasso* Se hie it sneinske jurkje oan, ’t wie wyt en mem woe ha, se soe der goed op passe, want yn de wask wie ’t sa bedoarn, se moast der jierren noch mei ta, dus net op krûpe, ek net rosse. Se boarte mei har kleure bal Se naam him hoeden fan de grûn, Jierren letter wie har jûpe bluodrich read, * Pablo Picasso (1881-1973) |
november 7, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Akseli Gallen-Kallela*
Troch har hinne giet it hjoed: ik ha sawat myn libben hân, ferware bin ik as de peal en spjalte is de droege hûd, mar ‘k wol net dea, dit is myn lân, begroeid, ‘k bin âld mar noch net keal. ’t Libben wie net sûnder noed, Sjoch, dêr stiet de jongste sprút, * Akseli Gallen-Kallela (1865-1931) |