oktober 12, 2023
fan Francisco de Goya*
Swart binne twa gesichten,
like donker as de loft,
gjin each of stjer is mear te sjen,
se leit yn ûnmacht, as ferlern.
Ferlern hat sy de frijheid
om te stean en om te gean,
de skonken rekken yn de klam,
it lichem fielt as wie it lam.
Se stoarret yn de hichte,
mar de himel jout gjin taal
of teken yn de neare nacht…
wa heart dan noch har heaze klacht?
Allinnich fjouwer earen
fan wa’t foar har lichem gean,
it fielt net lam of slop, mar stiif,
as wiif hat sy dochs neat om ’t liif.
Se binne oan har driften
bûn en slaan gefoelens dea,
de frijheid flechtet foar it fjoer,
’t ferskroeit ferkrêfters op ’en doer.
* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Se ha har ûntfierd’
Print 8 út ’e searje ‘Los Caprichos’
oktober 11, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Wolno, do hoer Jeruzalem,
omdatst it oanlein hast mei goaden,
dêrom helje Ik dyn frijers
byinoar, sy komme oeral wei,
sels út ’e fierste oarde.
Tink net, do hoer Jeruzalem,
sy binne my genedich wurden,
want myn soannen ha ik harren
jûn, dus kom ik der wol goed foarwei…
sy skerpje al de swurden.
Untnommen wurde dy de klean,
sy litte dy yn ’t neaken lizze,
houwe dy dêrnei yn stikken,
hâlde rjochtdei oer dyn kromme wei…
neat hast dan noch te sizzen.
Sa komt dyn huorkerij in ein
oan, lykas oan myn gleone grime,
dy’t troch skerpe swurden kuolle
wurdt, dit is foar My de rjochte wei
dy’t fiert nei kleare kimen.
Yllustraasje ‘Ofgoaden’