Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It wouterke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

Image

In frjemd tafriel sa foar de mêst,
want skiep en wetter strike net,
de rok rint samar fol;
in skipper hat gjin hoederspet,
hy spilet leafst syn eigen rol.

Mar as men efkes better sjocht,
dan rint in laam der meters út
as wied er mem ta lêst;
de molke komt net yn syn snút,
hy swalket, gjin gerak en rêst.

Image

De namme jout it byld de sin
dy’t earst noch ûnder wetter wie:
it wouterke besocht
om oan te sluten, mar yndie:
sa’n lytse boeier is fertocht.

Image

admin

Swiergewicht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sis net dat hy neat sjocht
en sjoch ek nei syn earen,
heinend alle lûden fan de wrâld,
hy makket skean wat wie earst rjocht,
sa’n swiergewicht is net te kearen.

Hy hat net gau syn nocht
mei ’t wrotten troch komplotten
yn de mande mei slûchslimme rôt,
hy makket tsjuster wat wie ljocht,
mei syn gewicht falt net te spotten.

Syn draaien is fertocht,
hy giet oer grinzen hinne,
stekt snút en earen yn de wrâld,
fynt op syn wize wat er socht…
hoe wurdt sa’n swiergewicht wat tinner?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum