Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oars fan aard

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De iene hat de holle heech
lykas it boarst en hert,
de oare kin dat spite,
mar oars is it no ienkear net,
want sljocht heart net by de elite.

Image

Sy binne ljocht fan kleed en aard,
mar kopswier troch de kroan,
dat wolle se net witte,
it giet no ienkear nimmen oan
dat sy mei pineharsens sitte.

Wat fierder sit it sljochte folk,
gjin skamte foar in gat
yn lang fergiene gloarje,
net ûntefreden oer har lot,
dus wêrom moat de wrâld feroarje?

Image

admin

Net te kearen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gjin stopljocht kin him keare,
want it hertsein stiet op read,
dat wachtsjen liedt ta neat
oars as de dea de eare.

Gjin wjukslach is tefolle
of te min, sa is syn styl,
de hertslach is stabyl,
de druk is fan de holle.

Ien wjukslach wie tefolle
foar de flecht sa ticht by ’t rút,
doe wie syn jubel út
dy’t troch de maitiid rôle.

De blommen ha him eare
foar ’t opteine libbenssein;
by sinnich waar of rein,
hy wie mar net te kearen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum