Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op ‘e kop

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Noch foar ’t it wrâldspul heve soe,
klonk yn it lân it needsinjaal
fan lit ús tomkje foar Van Gaal,
want sjoch: de doelpeal is ferware,
boppe rustket troch it stiel,
’t wie mei de latte in gepiel
en op it fjild ha se besparre.

Image

Dus wat deryn sit, wit gjinien,
de bal is rûn, it gers is grien:
Hup Hollân Hup!

Mar doe’t it spultsje ienkear rûn,
wie útsicht op it doel in feit
en swaaiden hiele fjilden reid,
want wat net mooglik wie, soe barre:
tomkes songen yn har taal
in liet foar ’t alftal fan Van Gaal
en mei song hiel de blide skare.

Image

Dus allegearre wisten wol,
wat yn de bus siet, wie… ja, goal!
Hup Hollân Hup!

admin

Blaukopkes klap

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik siet net achter de geraniums,
want bûten libbe ’t as in hert
fan jongfolk út it aai,
ik libbe yn it fleanen mei
en hie fan binnen gjin ferlet.

Image

De lytse blaukop fleach ik fluch mei op,
ynienen skeat hy foar my út,
mei him gie ’t op en del,
it wie in fraksje fan in tel,
doe klapte hy tsjin ’t achterrút.

Dêrachter stoarre him myn keamer oan,
wat koe ik oan de neiklap dwaan?
Fan binnen skrynde it
gefoel… myn fleanen hie gjin nut…
koe lytse blaukop my ferjaan?

Image

Hy siet in skoft ferwezen op it hout
dat bûten tsjinst die as de sit
foar lju fan frisse lucht;
ynienen fleach er op myn sucht
en liet my achter yn it swit.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum