Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mobile tsjalk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Under ’t rinnen by it wetter lâns
waard ik weromfierd, mar wêrhinne?
Ik liet it oer my hinnegean,
in flecht gefoelens út balâns…
ynienen bleau ik stean.

Image

Yn de gloppe lei in âlde tsjalk
te wachtsjen foar de fêste brêge,
de fraach ‘wêrop’ kaam yn my op;
ik seach op ’t dek gjin skippersfolk…
gjin azem op myn rop.

Image

Boech en foardek sprieken my wol oan,
want Eke is in âlde namme,
Marije soarge foar de bern,
gjinien waard op it skip bedoarn…
’t wie oan har styl te sjen.

Mar it achterdek kaam op my oer
as foer de tsjalk op nije weagen,
wie ’t skip de hiele dei mobyl,
it boeken wie net mear in toer…
tsjalk yn moderne styl.

Image

admin

Untrinne

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De loft wie skjin, it wetter flak,
de moarn begûn mei folop sinne,
dat de himel soarge foar it dak,
dêrûnder soe it goed ferrinne.

De skoaltiid rûn rap nei de ein,
dat bûten soe fan binnen winne
op it wetter, oeren sûnder rein,
wol spattend sa as pubers kinne.

De kano’s skeaten oer it wiet,
wylst rappe wolken ’t swurk berûnen,
dochs gjinien dy’t yn de knipe siet,
hoewol’t guon amper fierder koene.

Image

Se wiene net oan tonger wend,
mar wisten, bliksem kin it winne
fan de wettersport mei in aksint,
dus woene sy mar leaver rinne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum