Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Geniaal monumint

Lyrysk Deiboek


Mei freonen fleach er yn formaasje
mei de krekte ôfstân fan elkoar
op oantrún fan de genen,
har ynwindich ynstrumint,
sa wiene sy it wend.

Se fleagen mei deselde faasje,
snetteren yn koar, ek lykas oars,
dêr koe it net oan lizze,
hoe’t it kaam, waard nea bekend,
it gie sa’t it soms rint.

Men gie earst út fan de sensaasje
fan in puber mei syn gekke kop,
mar doe’t se him dêr lizzen
seagen, wie ’t in flinke fint,
in deade waard bemind.

Sa rekke hy yn hege graasje,
heger noch as hy yn ’t libben fleach,
wat lei him oan syn genen,
it perfekte ynstrumint,
dêrom syn monumint.

admin

Atlantysk Hânfêst

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Gjin losse hannen, hâld se fêst
wannear’t de fijân klapt deryn
mei wapens en diskriminaasje,
wa’t prinsipes skeint, besoarget lêst.

Lit Churchill stean mei Roosevelt
foar frede ,frijheid en it rjocht
fan selsbeskikking foar de naasjes…
lis it fêst, sadat it Hânfêst telt.

It oarlochsskip ‘Augusta’ lei
foar anker, as in boei sa fêst
om foar de naasjes ’t paad te wizen
nei de takomst: far mei frijheid mei…

… dy’t koers set nei in nije wrâld
dêr’t elkenien komt ta syn rjocht,
fêsthâldend mei in grut tal hannen,
foar de hiele ierde in behâld.

* Foto ‘Op kruser Augusta’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum