Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ree foar model

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It binne wjukken dy’t it dogge,
seit it byld fan de natoer,
dat achter glês de wierheid brekt,
want boaiembisten binne oer
en dat stekt.

Ik bin betiid de dyk opkommen,
skruten nei myn reenatoer,
sa ree om wer de reiden yn,
as boaiembist kin ik net oer
minskewyn.

’t Is wrachtich wier, it rûkt nei minsken
sa’t de fûgels stean yn byld:
it streekrjocht stribjen nei omheech;
fergetten is it boaiemwyld,
dat is leech.

Ik ha it sjoen, de glêzen wierheid
sjoch ik mei de kont wol oan,
mar bin wol ree foar grûnmodel…
in flits yn de betide moarn
makket kjel.

Image

admin

Loftsymbolyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In byld dat sprekt fan de natoer,
noch grien fan ierdske hope,
mar dêrboppe ûnnatuerlik wyt,
struktuer fan koarte doer,
dy’t komt en ek wer giet,
it blau kin streken slope.

Gjin stobbewylch wurdt in raket
om nei it doel te sjitten,
dat de poel feroaret net yn bloed;
der is in krús troch set
wat bringt yn need en noed,
de flecht lit dat sels witte.

De ierde wit ek fan de floed,
milennia foar ’t sjitten,
boppedat fan ’t bôgjend kleurpatroan:
de himel jout in groet
foar hjoed en ek foar moarn,
gjin byld om te ferjitten.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum