Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Enerzjyfraach

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wurdt it wyn of earder sinne
yn de striid om ’t earste plak,
it giet yn ’t libben om te winnen,
elk besjocht it út syn fak.
De skipper sjocht meast nei de wolken,
driuwend by it swurkblau lâns
en ek nei ’t wetter, hoe’t dat kolket,
wachtet rêstich op syn kâns.

Image

Dus fart syn klipper noch motoarysk
foar ’t ûnwittend wâlpublyk,
de skipper showt wat is histoarysk,
tsjinnet elk sa fan replyk.

Mar moarn sil hy de seilen hysje,
krijt er faasje fan de wyn,
foar ’t skip de tûzenste edysje,
enerzjyk de takomst yn.

De stjoerman sjocht meast nei de sinne,
strieljend of net mear te sjen,
op ljocht moat hjoed syn motor rinne,
oars hat hy de striid ferlern.

Image

Wurdt it wyn of earder sinne
yn de striid om ’t earste plak,
it giet yn ’t libben om te winnen,
elk besjocht it út syn fak.

admin

Swevend sile

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch ien kear sil it heve,
want de situaasje is dernei,
wa wit, wol hy wol faker,
it skip leit him net yn de wei
en as it moat kin hy ek reve.

Hy wurdt fansels wol âlder,
mar it aakje wint fan him fierwei,
earst foar ’t fiskjen makke
en doe’t it te ferrotsjen lei,
kaam hy foar ’t ljocht as de behâlder.

It aakje soe sa bliuwe
as de fisker eartiids dermei foer,
hy moast him wol ferpakke
yn ’t stoart, oars wie it farren oer
en soe allinnich ’t rûnhout  driuwe.

It sil hjoed wer ris heve,
net allinnich, mar mei in freondin,
ast oan himsels leit faker,
dan hawwe aak en skipper sin
oan farren, wurdt it silen sweven.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum