november 7, 2016
Lang libje Liberty
en ek de fjouwer stjerren
dy’t yn it hokje wolle,
guon ambysjes sille stjerre.
It hokje wurdt wer wyt,
want swart soe ’t lân bedjerre;
it waard Trompet tefolle,
woe himsels allinnich hearre.
Fioele klonk wat heas,
somtiden lang net suver;
Trompet fûn sy in bolle,
mei syn steile sprongen nuver.
Fioele of Trompet?
It sil yn ’t hokje klinke
sa’t stjeroanbidders wolle…
Liberty sil dêrop drinke.
november 7, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
De moarntiid hie der gjin problemen mei, omdat se yn de nacht ek waren, wiven yn it dizich kleed en doe’t dy dûnsen troch de dei, earst yn de langte en doe breed, dreau oan de hjerst lykas op baren. De weinen kroepen stadich oer de dyk It hynder hie der gjin problemen mei |