Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Apels foar nei de loop

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De put derút, de dyk is leech,
de seisentritich hat gjin sin,
gjinien rint noch de twaenfjirtich,
ien drokke dei, in goed ferrin,
oars wurdt de stap oermjittich.

It fruit derút, de kisten leech?
Nei seisentritich hie it sin
om troch de apelskyl te biten;
oan alle rinners, net te min,
koe Poiesz syn apels slite.

Oermjittich hat de foarrie west,
mar wie de dyk op snein wol leech?
Wol mear as twaenfjirtich krigen
in hol gefoel, it wie net dreech
te stean wer yn de rige.

Image

admin

Nea te let

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De moarntiid is noch fol ûnthjit
foar hiel de dei troch strieljend ljocht,
in krânse yn de jûntiid foar de winner,
dy’t troch it libben giet mei nocht,
noch net fan wat der oankomt wit.

It swurk jout al de omslach oan,
mar as men inkeld strielen sjocht,
dy’t as oerwinnend troch de wolken brekke,
harren spegelje mei nocht,
dan strielet troch de dei de moarn.

De wolken ha it swurk beset
en jeie driigjend oer ’t bestean,
dêr’t stoarm en weagen noed en ’t near oplizze,
mar salang’t it ljocht noch skean
der ynfalt, is it nea te let.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum