januari 11, 2024
fan Gerard van Honthorst*
Hy hâldt it mei de guozzefear
dy’t docht wat út syn tinken komt,
de wiisheid boppe de matearje,
dêrmei rekket hy nea klear.
Sy jout har yn it libben bleat
en flapt der faak fan alles út,
har wiisheid sprekt fan in bedoeling
dêr’t de man mei nocht fan beart.
Wannear’t er opsjocht fan syn fear,
wurdt hy fan har yntinsje kjel
dy’t yngiet tsjin syn eigen wiisheid,
dêrmei is hy noch net klear.
Sy sjocht syn hân dy’t har plan keart
om nocht te jaan oan noch in fear,
dy’t yn har skriuwt mei ljochte inket…
mei har wiisheid hat hy neat.
* Gerard van Honthorst (1592-1656)
Skilderij ‘De stânfêstige filosoof’
januari 10, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
Frjemd wie de útspraak fan de Hear:
twa susters, beide wiene hoeren
mei like frjemde nammen:
Ohola en Oholiba,
yn Egypte diene sy al sa.
Ohola is Samaria,
sy wenne yn har eigen tinte
en libbe ûnbeskamme:
Assyriërs woe sy dêr ha,
as in hoer liet sy dy keardels ta,
al yn Egypte die sy sa.
Ohola en Oholiba,
Jeruzalem hat slimmer huorke,
yn har hie Ik myn tinte,
sy woe neat fan myn leafde ha,
liet de Babyloniërs wol ta,
al yn Egypte die se sa.
Se kamen fan deselde mem,
twa susters, beide wiene hoeren,
sy libben ûnbeskamme,
Ohola en Oholiba,
yn twa tinten woene sy ’t sa ha.
* Foto ‘Twa tinten’