Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Genoside

Polityk

fan ûnbekend*

Paleizen binne net geskikt
om frede yn de wrâld te stichtsjen
troch besitters fan de macht
dy’t oer de grinzen hinne gean
safier it each mar rikt.

Mar ien paleis stiet foar it rjocht
fan folken dy’t de frede sykje,
rjochters hawwe dêr it foech
om foar de swakken yn te stean,
dêr’t amper ien oan tocht.

It westen tinkt oan Israel,
hat gjin gefoel foar Palestinen
dy’t wol tweintich kear sa faak
fermoarde wurde, krekt as is
in minske net yn tel.

As ’t rjochtse folk tinkt radikaal,
sprek, rjochters, dan fan genoside,
fyftjin ha dêrta it foech,
yn fredesnamme is it mis
te deadzjen op sa’n skaal.

* Foto ‘Fredespaleis’

admin

Iiskâlde Rus

Keunst

fan Ivan Yendogurov*

Noch leit de ierde djip beferzen,
iis rikt oan de boaiem ta,
de klinten kreune ûnder dakken,
swier fan alle dagen snie,
de kjeld sprekt út de Rus syn wêzen.

Hy graaft him yn, syn djippe gongen
rint er alle dagen troch,
syn fijân nimt er flink te pakken
mei de minen yn de snie,
sa hat er bloed mei snie fermongen.

De loft mei fan de maitiid tsjûgje,
winter bliuwt it foar de Rus,
dy’t iiskâld sjit op swakke plakken,
sa syn kjeld rûchwei ferspriedt,
hy sil net foar de frede bûgje.

Sjedêr… de sinne sil heech rize,
gongen komme wetter yn,
dat útrint boppe wrakke dakken,
’t wêzen fan de Rus ferliest
it pleit, de wrâld sil fan him grize.

* Ivan Yendogurov (1861-1898)
Skilderij ‘Begjin fan de maitiid’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum