januari 15, 2024
Driigjend skoot it tsjuster oer it lân,
ús lân dat trettjin jier al leit
bedutsen ûnder koel belied
fan ’t kapitaal sil winne,
wâdzje oer de swakken hinne.
Mar sjedêr, it komt der driigjend oan,
it tsjuster fan de neare nacht
foar flechtlingen troch nij belied
dat oer de grins har hinne
set: lit har de hel ynrinne.
Harkje nei de sinne: ‘Neat is nij,
de himel hat al tsjuster west
foar flechtlingen, ekstreem belied
fan rjochts liet harren stikke!’
Wie de grins noch te berikken?
Nei trettjin jier fan ’t kapitaal
skoot oer it lân de wylde wolk
dy’t driget mei in rûge taal
fan ticht de grins, ferdomme,
net in frjemdling sil hjir komme!
januari 14, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
It wiene kommunisten
dy’t oprôpen yn in manifest
dat it folk tsjin ûnrjocht stake
moast: gjin razzia’s tsjin Joaden mear!
Oft sy ek fan gefolgen wisten?
De oprop die fertuten,
gjin gefolgen wiene doe al manifest,
dat massaal gie ’t folk yn staking,
’t woe gjin razzia’s tsjin Joaden mear!
Wat waard doe hegerop besluten?
De staking joech te tinken,
út it hert wei kaam in fûl protest,
manifest waard de reaksje
fan de fijân: klear mei it gewear,
it folk moast wike op syn winken.
* Foto ‘Febrewarisstaking’
** Foto ‘Ein fan de Febrewarisstaking’