Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei de hel yn tel

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

De bergen sjogge derop del,
net inkeld op de griene flakte
en it oerbosk fierderop,
se seagen legers yn de striid…
Bosnië as hel.

Manmachtich kamen Dútsers del
om fan de Bosniërs te winnen
bergen, flakten, ek it bosk,
mar sy ferlearen dêr de striid…
Bosnië yn tel.

Manmachtich kamen letter del
de Serviërs, it bruide hinne
wer, ’t rûn út op massamoard:
achttûzen rekken út ’e tiid…
Bosnië as hel.

De bergen sjogge derop del,
op swinen, wolven, ek op bearen,
’t is it nasjonale park
fan Bosnië yn dizze tiid…
heech is ’t lân yn tel.

* Foto ‘Nasjonaal park Sutjeska
yn Bosnië-Herzegovina


admin

Swarte wize kening

Keunst

fan Paul Peter Rubens*

Fjouwer koppen fan in Moar
sa’t er yn ’t ferline hiet,
mar fierder is er anonym,
dêr kleuret er ek donker foar.

Hy posearret fjouwer kear,
út ferskate hoeken wei
bliuwt hy himsels, mear as in skym,
mar Rubens jout him ek de ear…

… om te wêzen foarst yn byld,
wize kening foar it Bern
op knibbels, net mear anonym,
mar oft de Moar it ek sa fielt?

Syn gefoel bliuwt noch gelyk:
donker, foar de blanken oer
in Moar, net folle mear as skym,
mar foar it Bern oer fielt it ryk.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Fjouwer stúdzjes fan de holle fan in Moar


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum