januari 19, 2024
fan ûnbekend*
De bergen stekke fier har toppen út
as skerpe swurden yn de striid
tsjin wolken dy’t mar hingjen bliuwe,
klear om kûgels ôf te sjitten,
sa’t it troch de tiden giet.
Wat minsken boud ha, is hast net te sjen:
’t kastiel mei tuorren dêr’t de top
fan net de hichte fan de bergen
hellet, dy’t sa witte litte:
mei de tiid hâldt dit folk op.
Hoe giet it lykwols mei de djippe mar
dy’t hiel igaal derhinne leit,
gjin skerpe top is te bekennen;
wolken jouwe rynsk it wetter,
troch de tiid in bliuwend feit.
* Foto ‘Forggensee yn Beieren’
januari 18, 2024
fan Jacob Backer*
It byld fan findel en musket
en brede bannen om de mul
ropt op it langstme nei de iuw
fan goud en mannen op ’t portret
dy’t stribje nei in stjit en slach,
al is it dan mar spul.
Wol harkje nei de generaal
dy’t juster spriek syn soargen út
oer frede dy’t bedrige wurdt
troch oarloch, wol in oar ferhaal
as hjir in slach en dêr in stjit,
dus nim in flink beslút.
De oarloch tusken kâld en waarm
joech skutters romte foar it spul
dat spile waard, wol mei ferdrach,
mar hjoed de dei klinkt lûd alarm
foar oarloch mei raket en drone,
it is gjin flauwe kul.
It byld fan findel en musket
flokt mei ús iuw dy’t freget om
previnsje, oars is ’t faaks te let.
* Jacob Backer (1608-1651)
Skilderij ‘Offisieren en oare skutters
fan wyk V’