Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Byldartyst

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gilles Winter*

Image

Doe’t knoppen der net wiene
om te sjen nei ’t libben byld,
mar inkeld foar hâldfêst,
fermakken bern har bûten bêst
mei spultsjebylden dy’t ûntstiene.

Mar as se him dan seagen,
Pierre Artyst út Frankryk wei,
seis wiken ûnderweis
en stjonkend fan de lange reis,
dan skuorde elk de grutste eagen.

Want Pierre koe sjen yn stjerren
bylden fan it tiidleas lot:
foar har in beurs mei jild,
foar him tsien tsjillen op it fjild
en stjerre sille allegearre.

Pierre Artyst koe ek wol grave
yn de bûsen fan it folk
mei bylden fan in ramp
dy’t hy feroare yn in damp…
gjin knop of byld hat ien ferslave.

* Gilles Winter (1669-nei 1704)
wie de soan fan in Jouster apoteker.
Hy skildere foaral boereselskippen.

admin

Undergong

Keunst
PDF Print E-mail
fan Thomas Cole*

Image

Hoefolle riken binne ûndergien
troch ’t hege moed fan dy’t de macht
ferspraten oer de ierde?
Se brieken as in muorre, stien nei stien,
fersonken yn de neare nacht
en hiene ’t minskdom neat te bieden.

Sjoch hoe’t de reus stekt op it swarte skyld,
in Pers, in Gryk of in Romein,
se strieden foar itselde:
it hechte fûnemint foar ’t heechste byld,
sa waard de hiele wrâld ferslein,
it wiene macht en jild dy’t telden.

Sjoch hoe’t ek hjoed de reus syn dollars telt,
wat duorret al twa ieuwen lang,
dêrby syn arrogânsje;
hy seach himsels as net te brekken held
en kroep de wrâld troch as in slang,
lykwols syn macht is gjin garânsje.

Want sjoch, elk ryk sil ienkear ûndergean
dat net syn eigen flaters telt,
de skiednis hat dat boadskip bean.

* Thomas Cole (1801-1848),
in Amerikaan fan Ingelske komôf,
hat ‘De syklus fan it keizerryk’
yn in searje fan fiif skilderijen werjûn,
‘Ferneatiging’ as lêste.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum