Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Magyske bylden

Keunst
PDF Print E-mail
fan ûnbekend
fan Karol Bak*

Image

Nefertiti is har namme,
mar net samar ien:
sy waard Egyptysk keninginne,
godlik byld fan kleure stien,
de ieuwen troch besjoen, dochs ûnbeskamme.

Image

Farao Achnaton naam har
yn syn godlik hôf
en mei troch hiel Egypte hinne
foar syn lusten, ta syn lof,
de ieuwen troch besjoen, dochs ûnbeskamme.

‘Lady Magic’ hat gjin namme,
is in moadeklucht,
stiet hjoed noch yn de folle sinne,
mar giet moarn al op yn lucht,
hoewol yn kanvas bliuwt se blau ûntflamme.

Image

* Skilderij op kanvas ‘Lady Magic’

admin

Sicht

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*
fan David Cox**

Oft it wâljend wetter is
of stowend sân,
it is de stoarm dy’t beide jaget;
rekket alles út ferbân,
dan skaait it libben nei ûnwis.

Image

Wolken jeie by it swurk
lâns, mongen mei
de stoom, dan is it as it daget,
mar de see is der net nei,
it wâljen jout it drege wurk.

’t Wâlet ek yn ’t seemansmoed
troch dûbel sicht:
de see en thús mei tûzen fragen.
Kin er oars dwaan as syn plicht?
’t Is moarn ûnwis, hy libbet hjoed.

Twirren jagen oer it sân,
mar setten ôf,
wylst fûgels wjukje nei de fierte;
reizgers sjogge út nei ’t lân
dêr’t boppe blinkt it himelsblau.

Image

* William Turner (1775-1851)
krige in protte krityk op dit skilderij:
‘Stoomboat yn de sniestoarm’

** David Cox (1783-1859)
makke sawol akwarellen
as oaljeferfskilderijen.
Skilderij ‘De oerstek fan in sânflakte’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum