november 12, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Jacobus Lodovicus Cornet* fan Egbert van Drielst**
Us Leavefrouwetsjerke stiet der noch, it goatysk finster rikt mei trije stilen: God de Heit, de Soan en Geast, Marije draacht it aldermeast, sy hat as mem de haadrol spile yn it godsgebou, mar doch… Noch wiist de toer nei ’t plak fan ’t himelryk, It buertsje leit der noch, mar minder smûk * Jacobus Lodovicus Cornet (1815-1882) ** Egbert van Drielst (1745-1818) |
november 12, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Henry Wallis*
Se seine, ’t stie no yn de wet: wa’t him op strjitte deljoech, moast it earmhûs yn; ’t wie neat foar him, hy woe it net, seach mear yn wyn en sinneskyn. Se seine, dan mar yn de stien: ’t Waard hjerst, net folle sinne mear, Se seine, by ús Leave Hear * Henry Wallis (1830-1916) |