Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Alternatyf liet

Polityk

fan Marc Chagall*

Spyljend yn de neare nacht
begûn er stadichoan te sweven
boppe ’t libben dêr’t er diel fan wie,
syn folk tocht: no sil ’t heve!

Mar hy wie gjin presidint
en hielendal gjin Netanyahu,
dy’t al jierren smoarge hannen hie,
sa’t Frou Justysje ha woe.

Syn fioele joech gjin sein
om frou en bern wreed oan te fallen
mei syn strykstôk rjochtsjend as gewear
op withoefolle hollen.

Spyljend yn de neare nacht
song hy it liet fan alle tiden
oer de wite dowen yn de beam,
sy bleauwen noch fansiden.

Doe’t it folk fan Israel
fersteld stie hoe’t er swevend spile,
skeaten eigen bern har yn it sin,
de beam ûntgie de bile.

Koerend kamen foar it ljocht
de wite dowen klappend mei de
wjukken foar it liet dat brocht sjaloom,
dy’t oer twa lannen waaide.

* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘De fioelespiler’




admin

Oan it paradys foarby

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Mirissa, kust mei fariaasje:
kleurich wetter, goudgiel strân
en palmen dy’t it wolkom wiuwe…
leit hjir dat beloofde lân?

Walfisken en dolfinen swimme
yn dit wetter oan it strân
foarby, in driuw om nei de fierte
ta… nei dat beloofde lân?

It minskdom kiest foar fariaasje,
mar net op itselde plak,
hy lit him op syn langstme driuwe…
fynt er earne syn gerak?

* Foto ‘Kust fan Mirissa op Sri Lanka’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum