Willem Tjerkstra’s thússide
admin

In memoriam Dries van Agt

Polityk

fan ûnbekend*

Hy kaam fan rjochts op it toaniel
en fûn dat hy dan foarrang hie
op links, dêr’t hy gjin acht op sloech,
hy gie syn eigen dryste gong
en appellearre oan de wei fan
Kristus yn it politike fjild
en dêrop trape hy foar wier.

De racefyts hie foar him in siel,
dy’t yn de polityk ek rie
joech, mar wat folle swierder woech,
wie goed of kwea, dy wierheid twong
him protestearjend nei de wei fan
rjocht dwaan op it genoside-fjild
fan Gaza, roppend wat is wier:

Nimt Israel oan ’t moardzjen diel
fan bern, wat is in misse die,
de skiednis seit wêr’t soks op sloech:
it wie op genoside, âld en jong
fermoarde, hjoed de dei de wei fan
Netanyahu, moardner op it fjild
fan Gaza, sa sei Dries van Agt.

Foto ‘Dries van Agt’





admin

Maroon

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Maroon: oerlitten oan it lot,
mar ek de kleur fan de kastanje,
sa klinkt de namme fan de bergen
oan wjerskanten fan de mar
bedriigjend, donker ek de kleur,
de klimmer wurdt troch beide ferge.

De sinnestrielen nûgje út
om by de helling op te klimmen,
dan kin men wier wol ûnderfine
hoe’t ‘Maroon Bell’ klinke sil
al brekkend elke modderstien
om yn it wetter te ferdwinen.

Maroon: oerlitten oan it lot,
mar ek de kleur fan de kastanje,
sa klinkt de namme fan de bergen,
gearspannend, har komplot.

* Foto ‘Maroon Lake en Maroon Bells,
Colorado’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum