november 14, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
Tsjinst op 2 septimber 2007 yn Drylts
1. Tarissing Wy fiere hjoed dat hiele libben al 2. Sjonge 3. Foar de bern/Ynlieding op ‘e tsjinst Om sjen te litten: in boltsje en mes. In mes as teken om te dielen It ferhaal fan Kullervo út de Kalevala, 4. Sjonge 5. Gebed Hear, tankewol foar it libben, 6. Sjonge It libben is as in rivier 7. Lêze Kalevala – Lemminkäinen Lemminkäinen út it Finske lân fan de helden wie nearne benaud foar. Hy reizge allinnich nei it noarden, dêr’t er fereale waard op ‘e dochter fan Louhi, de frou dy’t oer it Noarderlân hearske. Graach woed er mei it famke trouwe, mar fan har mem moast er earst in tal opdrachten útfiere. By ien fan dy opdrachten kaam er om it libben, sa grouwélich dat de dielen fan syn lichem yn de deadsrivier dreauwen. 8. Sjonge In stien ferleit de beek wol wat, Dy fierte is earst de rivier, 9. Ferkundiging 1 Dit is mar in breklik begjin fan de preek, hear ik jim tinken. Kin it net wat positiver? Want it brekken liedt ta brokken, dielen. En wa’t brekt, bliuwt mei de brokken sitten. Is it net better om it spul hiel te litten? Dan hoecht der ek net lime te wurden. Mar sa ferrint it libben no ienkear net. Nim no Lemminkäinen, ien fan de helden fan de Kalevala. Hy wie smoarfereale op in jongfrommis út it lân fan it Noarden. En wa’t fereale is, fielt him hiel goed, yn topkondysje. Lemminkäinen wie dus in hiele man, doe’t er noch libbe. Mar om mei syn faam te trouwen moast er fan har mem earst in pear opdrachten útfiere. Ien fan dy opdrachten wie de hillige swan te sjitten, dy’t op de deadsrivier Tuonela swom. Lemminkäinen gie op it geheim fan de dea ôf en woe dit geheim ûntdekke troch de swan te sjitten. Mar wa’t nei dit ûnberikbere mystearje rikt, komt de dea sels tsjin. In hoeder kaam op Lemminkäinen ta, lei in pylk op syn bôge, skeat him dea, snie syn lichem yn stikken en goaide dy yn de deadsrivier. Wat my it meast treft yn it ferhaal fan Lemminkäinen is de lofprizing fan de mem: ‘Do moatst dy lokkich priizgje en God tankje dat hy dy wer ta libben roppen hat. God hat derfoar soarge datst fan de dea rêden bist.’ En dan binne wy by Psalm 113, ien fan de halleluja-psalmen of sa’t de joaden sizze: de earste fan de sân Hallel-psalmen (113 oant en mei 119). Dy besjonge it slavelibben yn Egypte en de rêding troch de hân fan Jahweh. De farao briek it folk yn dielen: de manlju moasten sa bodzje dat se jûns brutsen thúskamen en de joadske jonkjes waarden yn de Nyl smiten. Wurde memmen dan net brutsen? Dat wie it mystearje fan de dea, dêr’t de farao sels yn weisakke, syn eigen ûndergong yn de Reade See. Mar Jahweh rêde it folk fan de slavernij, skonk in nij en hiel libben yn it lân fan belofte. Halleluja! Mei de klam op ja, de earste letters fan Jahweh, Gods namme. In joadske ferhaal fertelt dat troch de brutsen wrâld dêr’t wy yn libje, ek in brek yn Gods namme is ûntstien. Dus Jah en weh. It earste diel (Jah) is yn de himel. It twadde diel (weh) is ûnder de minsken, sa’t God yn de wolk oerdei of yn de fjoerkolom nachts it folk de wei nei it beloofde lân wiisde. En sa’t God yn Jezus Kristus, de Minskesoan, twatûzen jier lyn rêdend ûnder de minsken wie. Halleluja, priizgje de Ivi… nee, net Ivige, want de namme fan God is noch altyd brutsen. En oan de ein fan de tiid? Dat komt noch, yn it twadde diel, sadat in gehiel ûntstiet. 10. Sjonge De brede stream rint nei de see, 11. Lêze 12. Sjonge Behalve eigen bôle Noömy gie as Mara 13. Ferkundiging 2 Jawis, sa moat it. De wet fan Mozes yn it boek Deuteronomium wol ha dat de lânbesitters achtslaan sille op it rjocht fan de frjemdling, de widdo en de wees. Want jim foarfaars ha frjemdlingen, sels slaven, west yn Egypte. Dus jim witte wat lijen is. As jim rispje, oft it no om nôt, oliven of druven giet, ferjit in diel en lit dat oer foar de frjemdling, de widdo en de wees. Want ast fan dyn oerfloed dielst mei de earmen, sil Jahweh dy segenje, dy ta in hiel minske meitsje. Yn it ferline kaam oan de ein fan de preek de tapassing. Yn de sin fan: ‘Gelijk Boäz van zijn rijke oogst een deel op het land achterliet voor Ruth, de Moabitische, zo moeten wij, gemeente, onze gaven voor de nooddruftigen met een liefdevol hart schenken. Het is zaliger te geven dan te ontvangen. Gedenkt daarom de diaconie.’ Want sjoch no ris wat der mei Ruth bart. Om’t Boäz mei sin wat fan de rispinge op it lân lizze liet, komt sy mei 36 mingel (liter) koarnkerrels wer thús by Mara… No… ömi. De namme fan de skoanmem ferliest de bittere smaak, kriget wer wat leafs…, noch wol brutsen, mar dochs. 14. Oargelspul Op ’t fjild fan lânhear Boäz Noömy waard gau beppe Noch altyd brekke libbens, 16. Us Heit 17. Sjonge Ut fjoer en izer, soer en sâlt, As wetter dat in boarne wurdt, As ljocht sa fier en âld en wiis, 18. Seine 19. Sjonge |
november 14, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
Tsjinst op 22 july 2007 yn Itens
1. Tarissing Wy komme fan ‘e moarn by elkoar Wy fiere ús eigen libben, Us fieren siket ferbining 2. Sjonge 3. Ynlieding Wy fiere hjoed de F-tsjinst: – Frouwen spylje yn de ferhalen yn dizze tsjinst in grutte rol: de frou fan de smid Ilmarinen, Hanna (de mem fan Samuël) en de frou fan Pinechas (ien fan de prystersoannen yn Silo). 4. Sjonge 5. Gebed Wy bidde Jo dat yn de ferhalen opljochtsje mei 6. Lêze Kalevala – Kullervo Untamo brocht syn broer Kalervo en al syn mannen om. Allinnich syn frou, dy’t swier wie, liet er as syn slavinne yn libben. Net lang dêrnei waard in jonkje berne, dat sy Kullervo neamde. Syn omke Untamo hie it net op him stean en grommele: “Yn dy jonge is in nije Kalervo opstien, hy sil ús oars net as lijen bringe. Ik sil him oan de smid Ilmarinen ferkeapje.” “Wat moat ik dwaan?” frege Kullervo de oare deis oan de frou fan Ilmarinen. 7. Sjonge Yn de leafdessymfony 8. Ferkundiging 1 In moai foarbyld fan ‘Grime en tiid’ is it ferhaal fan Kullervo, dat ien drama is. Nei’t syn omke Untamo syn âlderlik hûs ferneatige hat, wurdt er yn dy syn húshâlding grutbrocht, mar sûnder leafde. Wy hoege mar om ús hinne te sjen en it nijs te folgjen om te witten wat in leafdeleaze opfieding faak fan gefolgen hat. In protte bern komme psychysk skeind út sokke situaasjes wei en bedarje faak yn de jeugdsoarch of noch slimmer yn it kriminele sirkwy. Wy hawwe net fergees in aparte minister krigen dy’t him û.o. dwaande hâldt mei dizze jonges en famkes. Werom nei Kullervo. Hy wurdt yn it doarp fan omke Untamo oan it wurk set, mar alle taken dy’t er kriget, mislearje. Untamo is der glêd mei oan en om’t er syn omkesizzer beskôget as hannelswaar, ferkeapet er him foar wat âld izer oan de smid Ilmarinen (dy’t ek de sampo makke hat). Minskûnweardich, fine wy. Gelokkich dat de slavernij al yn 1863 ôfskaft is. Oant wy bylden sjogge fan útrûpele Sinezen, dy’t achttjin oeren per dei as slaaf yn stienfabriken wurkje. Of hearre fan bernsoldaten yn Afrika. Of konfrontearre wurde mei seksslavernij. Werom nei Kullervo. Hy kriget fan de moaie smidsfrou de taak om hoeder oer har fee te wêzen. It liket derop dat se foar Kullervo in soarchsume mem is, want se bakt in bôle foar him. Mar hâld har yn de gaten, want har hert is sa hurd as in stien. En frouwespot boarret troch it fel fan it slachtoffer hinne oant yn syn hert. Stiennen binne oeral te finen, dy hoege earst net op it ambyld fan Ilmarinen smeid te wurden. As de sinne op it heechste punt is en it fee leit rêstich te wjerkôgjen, hellet Kullervo de bôle en syn mes foar it ljocht. Dat mes is it iennige oantinken dat er noch oerholden hat fan syn âlderlik hûs. It is it mes fan syn heit. As Kullervo it yn de bôle set, wurdt syn âlderlik hûs op ‘e nij ferneatige, diskear troch de spot fan de frou fan Ilmarinen. En dan glydt ús each nei it skilderij fan Gallen Kallela. Dêr stiet Kullervo, mei yn de rjochterfûst it brutsen mes fan syn heit en de linkerfûst omheech. In byld mei op ‘e lippen de skreau om rjocht foar syn ûngelokkich libben en wraak foar wat de narjende frou fan Ilmarinen him oandien hat. It skilderij ‘De flok fan Kullervo’ is boppe it epos sels útgroeid ta it symboal fan it Finske rjochtsgefoel. Nei’t Finlân ieuwenlang in part fan Sweden west hat en letter fan Ruslân, fochten de Finnen har yn it begjin fan de tweintichste ieu frij. Kullervo is foar harren it symboal fan it ferset tsjin ûnrjocht wurden. En de leafde? It epos fertelt fierder oer wraak, eros as de sinlike leafde, ûngelok en úteinlik oer de dea. Kullervo lit him yn de punt fan syn swurd sakje oant it syn lege hert berikt. 9. Sjonge 10. Lêze 11. Sjonge Liet 440 Liet 334 12. Ferkundiging 2 Elkana, in man fan gewicht, hat keazen foar twa froulju. Earst foar Hanna. It kin net oars sein wurde dat it mei de leafde wol goed siet tusken harren. Yn Silo spriek Elkana him dêr ek oer út: ‘Bin ik foar dy net mear as tsien soannen?’ Se sieten alle jierren yn Silo om de tafel, Elkana en syn húshâlding. En dat hold net mei in pear bern op ‘Peninna en al har soannen en dochters’ stiet der. Chofny en Pinechas, dy’t as prysters foar de famylje it offer op it alter lein hiene, hawwe grif giisgobbe: ‘Elkana hat der by Peninna mear profyt fan as by Hanna.’ Want de beide soannen fan Ely wiene net fynbesnare. Mûle en hannen holden gjin rekken mei de hillige leafde, net dy fan de minsken en ek net dy fan God. Dat sille wy yn it tredde ferhaal noch tsjinkomme. Peninna, de twadde frou fan Elkana, fan wa’t de skoat miskien wol mear as tsien kear opbloeid wie (Elkana: ‘Bin ik foar dy net mear as tsien soannen?’) fielde har yn Silo yn it ûnhillige selskip fan Chofny en Pinechas thús. Se seach mei glinsterjende eagen hoe’t fierwei it measte fleis op ‘e boarden oan har kant fan de tafel kaam te lizzen. Der gie mar ien poarsje nei Hanna. Matearje dy’t de tsienfâldige leafdesferhâlding foar har as belangrykste frou útkomme liet, sa woe se ha. De tsien figuerlike stiennen dy’t se ûnder de tafel op ‘e teannen fan Hanna falle liet, kamen hurd oan. Peninna ferjoech Hanna mei har feninich fergif. It wie foar Hanna altyd wer in ferjûne dei, dêr yn Silo. Ien narjende stien fan de frou fan Ilmarinen foar Kullervo, de tamtearre jonge mei inkeld noch it mes fan syn heit as oantinken. Tsien stiennen fan Peninna foar Hanna, de earste frou fan Elkana mei inkeld in lege skoat. Dan bist wol in frjemdling yn Israel. En sjoch noris nei de reaksjes. De grime fan Kullervo mei oprôle fûsten, skreauwend om wraak. En Hanna op ‘e knibbels mei de hannen gear yn de tabernakel: “Heare Almachtich, as Jo jo tsjinstfaam in jonkje jouwe, dan sil ik him foar syn hiele libben oan de Heare jaan.” Leau mar dat de leafde fan Elkana en Hanna dêrnei sa yntins west hat dat dy nei de himel opriisd is. En mei hoefolle leafde is de lytse Samuël yn de earms nommen en yn de earste jierren fan syn libben opgroeid. Net te ferlykjen mei Kullervo. 13. Sjonge Liet 440 Liet 334 14. Lêze 15. Sjonge De arke kaam mei Ely’s soannen 16. Ferkundiging 3 Is it ferhaal fan Chofny en Pinechas en de arke in befestiging fan de filosofy fan Peter Sloterdijk? De rin fan de skiednis dy’t bepaald wurdt troch eargefoel, jildingstwang en wraak? En as it de minske sels net slagget om de ear te beheljen, him jilde te litten en wraak te nimmen, dan hellet er it wurk fan syn hannen derby. Dat wie yn de Kalevala de sampo, de magyske mole, smeid troch de smid Ilmarinen. Se hiene him skonken oan it folk fan it Noarden, mar doe’t se seagen hoefolle lok de sampo brocht, woene se him werom ha. It waard fansels slaande deilis…. eargefoel, jildingstwang en wraakgefoelens. De sampo briek en foel yn see. Chofny en Pinechas hellen it wurk fan Mozes’ hannen derby, de arke, makke yn de woestyn. De Israeliten beskôgen de arke as de troan fan God. Yn de striid tsjin de Filistinen lieten Chofny en Pinechas har meislepe troch it folk. Yn har ûnhillich byleauwe fierden se God op syn troan mei nei it slachfjild. As in soarte fan godlike kriichshear soe hy de ear fan it folk wol rêde en wraak nimme op ‘e Filistinen. Mar it rûn op ‘e kop ferkeard en it wurk fan Mozes’ hannen kaam yn hannen fan de fijân. En yn ús eigen tiid? Wy ha net mear sa’n magyske sampo en wûnderlike arke. Mar wat ús tiid wol makke hat, binne troanen foar god Mammon yn de foarm fan hege jildtuorren fan Babel. En leau mar dat dêr de moles fan de macht draaie. Ut dy moles komme – om in pear produkten te neamen – de heechste rendeminten en bonussen, de fierstrikkende televyzjekanalen en de modernste wapens. En god Mammon sjocht op syn troan it slachfjild oer en glimket. Ha wy no de hichte? Is dit de ein? Amen? It soe net bêst wêze! En dosels? Bisto ek net berne? Wiest as bern sels ek gjin takomst? In Kullervo, Ikabod, Samuël… Neam dyn eigen namme. Wat is der fan dy wurden? Do makkest skiednis… fan de eare of fan de leafde? 17. Sjonge Heare God, ik kin net mear, 18. Us Heit 19. Sjonge Ut fjoer en izer, soer en sâlt, As wetter dat in boarne wurdt, As ljocht sa fier en âld en wiis, 20. Seine |