december 11, 2023
Kin de himel fjoer ferdrage
dat troch bom nei bom ûntstiet
en lôget yn it tsjuster op
om te ferbrânen wat noch libbet,
lea nei geast of tagelyk…
wurdt ea de top fuortfage?
Toppunt is as lieders roppe
dat it om de frede giet
foar eigen steat dy’t lang ferkeart
al yn in steat fan driigjend ûnheil,
dat de bom wol keare kin…
kin mem har bern ferstopje?
Lieders kinne feesten fiere
fan ’t chanoekaljocht of ’t bern,
hoewol’t de ierde tsjuster is
en deagewoane bern fermoarde
wurde, mar sjedêr wat kin:
it daget foar it sieren.
Mem mei ’t bern sil fierder rinne
oant sy komme by de bank
dy’t útsjoch biedt op rjocht nei skuld,
dan sil de top de kop ferlieze,
geast en lichem wurde lyk
foar’t rizen fan de sinne.
december 10, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Brecht hat syn ‘Mutter’ oars bedoeld,
as oanklacht tsjin it kriichsgeweld,
mar sy waard troch ’t publyk wurdearre
as in mem dy’t moedich wie,
wat yn in oarloch telt.
De mem ferlear har trije bern,
ûnminsklik wie it kriichsgeweld,
dêr’t sy as minske troch mislearre,
mar har moed spriek skôgers oan…
Brecht hie it oars ferteld.
In oarloch rekket it gefoel
oer bloed dat streamt as in rivier
troch ’t lânskip dêr’t ek jongsten stjerre,
dus feroare Brecht syn stik:
myn ‘Mutter’ hat it swier.
* Foto ‘Berthold Brecht’
** Toanielstik ‘Mutter Courage’