Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Farao as krokodil

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

De Hear seit oan de farao:
Do leist as grutte krokodil
yn de earmen fan de Nyl,
dêrsto de baas oer spilest,
fisken klibje oan dyn skobben,
heakken krijsto yn de bek,
do wurdst de Nyl út hyst
en de woestyn yn slingere,
op it drûge sân leist dwyl
dyn libben te ferliezen,
wurdst net oppakt, fuortbrocht,
troch gjinien wurdsto bedobbe,
bist in deade krokodil,
foar bist en fûgel wurdst ta foer,
wêr is dan noch de hearskers wil?

De Hear seit oan Egypte:
Fjirtich jier leisto derhinne
as in grutte wyldernis,
dêr’t sels gjin dieren binne.

De Hear seit noch as lêste:
Nei de fjirtich lege jierren
komt Egyptes folk werom,
it is troch ’t lot beswierre.

* Foto ‘Krokodil’




admin

Wol of gjin kontrast

Keunst

fan Sarkis Katchadourian*

Swart-wyt jout in grut kontrast
oan, grutter is der suver net,
dochs wol, want tusken dea en libben
leit de grins foar alle minsken,
oft it wol of net past.

Lange kleden passe wol,
lit dy mar hingje by de lea
lâns, jou gjin kâns oan manljuseagen
om foar ’t fleis genot te winskjen,
Allah easket wol of gjin tol.

Beppe rint yn stimmich swart
troch ’t lêste libben nei de dea,
al ôfkeard fan de mem en dochter,
dy’t elkoar net fier ûntrinne
as it liif it wol of net hat.

* Sarkis Katchadourian (1886-1947)
Skilderij ‘Trije generaaasjes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum