mei 26, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2005
Starums fiskers skôgen faak de loft
by buiïch waar, dan koe de wyn
de Iselmar yn see feroarje;
dus mar rap de haven yn
as wolken wâlen ta in kloft.
Skippers sylden op ’e Iselmar
wylst boppe har de driging hong
fan daliks sil it waar feroarje,
wat djip yn de koppen krong:
de haven waard de krekte kar.
Skermen op en seilen dan mar del,
de fiskers hawwe grut gelyk:
in kalme see kin wol bekoarje,
mar… slaan weagen tsjin de dyk,
dan wurde sels de fiskers kjel.
mei 25, 2017
De seilen hingje slop,
hast is de gong derút…
wa kin de takomst keare?
De stoomfluit ropt al op
ta aksje nei in fêst beslút…
de tiid sil it wol leare?
De tiid hâldt grif gjin skoft,
it minskdom moat wol mei
en wurdt út hjoed wei lutsen;
de stoom sjit yn de loft
en fluitsjend fynt it skip syn draai…
de seilen binne strutsen.
De takomst leit yn mist
en dize foar wa’t seit:
‘De tiid sil it wol leare.’
Wa’t koers hâldt, ropt: ‘Dit is ’t!’
Ut hokker streek de wyn ek waait,
de gong is net te kearen.
* Peter J. Sterkenburg (1955-2000)
Skilderij ‘Tsjalk ‘De Tijd Zal Het Leren’’
Skilderij ‘Harns yn de mist’