Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Waan fan de mûzefalk

Lyrysk Deiboek

It wie wol droech, ferskate dagen al,
mar boppe maaiegreiden hong de mist
as woe de moarnsloft noch in dripke jaan,
mar earlik sein, de maitiid wie net gol.

De mûzefalk wie út syn deistich dwaan,
hie troch de dize op ’e mûs gjin sicht,
fleach hastich nei in lege wettertank,
breedwjukkich yn syn boppe-ierdske waan.

Hy lâne linich op it hurde stiel
en rôp de wolken op ta wetterplicht,
doe’t dat net slagge troch it droege waar,
besocht de falk it op in plat paniel.

It wie wol glêd en boppedat klonk ’t raar,
syn skerpe snaffel kraste oer it glês,
sa dage hy de sinnestrielen út…
sjedêr de mist sloech acht op it gefaar.

admin

Scotts ivich swijen

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Scortt koe oer syn earste reis fertelle,
nei de twadde bleau it stil
fanwege ’t iisgrêf op Antarktika.

Robert Scott hie jong ’t kadetskip helle,
trettjin wie er, sterk fan wil
en mei it eachweid oer Antarktika.

Hy waard lieder fan de ekspedysje,
’t gie foaral om wittenskip,
mar Scott woe ek graach nei de Súdpoal ta.

Skys en hûnen koene alles hysje,
dat it skip waard gau in stip,
dochs woe de poal noch gjin ûntdekkers ha.

Nei twa winters foer ’t skip wer oer weagen
nei it noarden mei ’t ferhaal
oer ’t kâlde witten… mar de Súdpoal nea…?

Op in twadde reis kaam dy foar eagen,
’t  waard Scotts alderlêste haal:
in ivich swijen nei in wrede dea.

* Foto ‘Robert Falcon Scott’

** Stânbyld ‘Robert Falcon Scott’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum